Le lingue del Mare del Nord - The North Sea Languages
Us Wurk · 2019
DOI: 10.21827/5c580f162ab41 ↗Kurz gefasst
Fachartikel in der Zeitschrift Us Wurk, 2019. Verfasst von S. Dyk.
Abstract (Originalsprache)
Yn Itaalje bestiet in "Associazione Italiana di Filologia Germanica".Sûnt 2009 jout dat selskip in jierboek út.Jiergong 9 (2017) is wijd oan wat neamd wurdt "Noardseetalen" en dêr nimt yn dizze bondel it Frysk in opfallend wichtich plak by yn.Dat wol sizze, it Aldfrysk, want ek te sjen nei de rige fan eardere dielen is it selskip benammen rjochte op it Germaansk fan "e midsiuwen.Guon leden ha har ek earder wol mei it Aldfrysk dwaande holden.Sokken as Patrizia Lendinara en Concetta Giliberto (beiden fan it Sisyljaansje Palermo) hearre ta de geregelde meidoggers oan "e troch Rolf Bremmer op priemmen sette bondels oer "Old Frisian philology", en immen as de yn Noarwein wurksume Andrea Maini hat al faker as ien kear meidien oan it Frysk Filologekongres.De bondel befettet yn totaal alve bydragen, oardere op efternamme fan "e auteur.Lykas te ferwachtsjen binne dat foar it meastepart Italjaanske nammen, mar der binne ek trije "gastauteurs": de te uzes net ûnbekende hearen Bremmer, De Vaan en Versloot.Michiel de Vaan syn stik (side 179-200) is ien fan de trije artikels oer it (Middel)nederlânsk, mar sines moat hjir dochs even neamd wurde omdat it de fuortsetting fan de protogermaanske *u yn Nederlânske dialekten behannelet.Yn it westen (Flaamsk, Siuwsk, Hollânsk) kin dy nammentlik mei in netrûne fokaal foar de hearen komme, lykas yn foarmen as brigge of bregge foar "brêge".Soks liket fansels op it Ingelske bridge en it Fryske brêge, en it is dan ek gjin niget dat der ek earder al tocht is oan in Frysk substraat, ek al wiene der ek oare lûden, lykas dy fan Heeroma, dy"t it holden by in ynterne ûntjouwing.De Vaan krijt de kwestje no fannijs op, yn it sok fan syn monumintale stúdzje The Dawn of Dutch (2017).It resultaat is in deeglik oersjoch mei in fracht oan lestich
Zitieren
APA
Dyk, S. (2019). Le lingue del Mare del Nord - The North Sea Languages. Us Wurk. https://doi.org/10.21827/5c580f162ab41
Vancouver
Dyk S. Le lingue del Mare del Nord - The North Sea Languages. Us Wurk. 2019. doi:10.21827/5c580f162ab41
BibTeX
@article{Dyk2019,
author = {Dyk, S.},
title = {Le lingue del Mare del Nord - The North Sea Languages},
journal = {Us Wurk},
year = {2019},
doi = {10.21827/5c580f162ab41}
}
EUVIMED